Mar hoe wurket de gemeenteried en wat is no eins it ferskil tusken in gemeenteriedslid en in wethâlder? Dat sjogge jo yn dizze koarte film.
Bestjoerlike ynformaasje
Wolle jo ynformaasje oer belied en besluten fan de gemeente Ljouwert? Jo kinne dy bestjoerlike ynformaasje fia ynternet ynsjen of by ús opfreegje.
As jo de ynformaasje net op dizze website fine kinne, kinne jo de gemeente fersykje om dy ynformaasje te jaan. Dat kin fia griffie@leeuwarden.nl, of skriuw in brief oan de gemeente Ljouwert. Jou dêrby oan hokker ynformaasje oft jo ûntfange wolle.
Yntegriteit
Ynteger bestjoeren is in wichtige ferantwurdlikheid fan de leden fan de gemeenteried. Us demokratysk systeem en de demokratyske prosessen kinne net sûnder ynteger funksjonearjende organen en funksjonarissen. De ried hat dêrfoar in pdf protocol (PDF, 138.48 KB) oangeande it hanthavenjen fan de yntegriteit fan de polityk en de pdf gedragscode (PDF, 180.03 KB) Yntegriteit Leden fan de Gemeenteried yn de gemeente Ljouwert 2016 fêststeld.Riedsgearkomsten en -besluten
De gemeenteried fan Ljouwert komt alle wiken gear. It oersjoch mei aginda's, de gearkomstestikken en besluten fan dy gearkomsten binne foar eltsenien iepenbier en fia dizze Op de website yn te sjen.
Wob-fersyk yntsjinje
Jo kinne by it opfreegjen fan ynformaasje ek in berop dwaan op de Wet iepenbierheid fan bestjoer (Wob) en in Wob-fersyk yntsjinje. Stjoer in e-mail oan de gemeente of skriuw in brief oan de gemeente Ljouwert. Fermeld dêrby:
- ûnderwerp 'Wob-fersyk'
- oer hokker belied oft jo ynformaasje freegje
- it dokumint dat jo ûntfange wolle
- eventueel jo telefoannûmer en e-mailadres
Iepenbier, útsein...
Alle bestjoerlike ynformaasje is iepenbier, útsein as:
- de ekonomyske of finansjele belangen fan de gemeente yn gefaar komme.
- der fertroulike bedriuws- of fabrikaazjegegevens yn foarkomme.
- de gemeente net goed mear ynspeksje, kontrôle en tafersjoch útoefenje kin.
- de privacy fan persoanen yn gefaar komt.
Kosten
Mooglik bringt it ôfjaan fan de ynformaasje kosten (leezjes) mei him mei. Rieplachtsje dêrfoar de Algemiene Leezjesferoardering.
Ynstruminten gemeenteried
Om syn taken goed útoefenje te kinnen hat de gemeenteried in tal ynstruminten, lykas it rjocht om fragen te stellen en it yntsjinjen fan in moasje. Hjirûnder folget in oersjoch.
Inisjatyfútstel
In riedslid kin in foarstel yntsjinje en sa in opdracht oan boargemaster en wethâlders jaan. Bygelyks foar nij belied of oanpassing fan in feroardering.
Amendemint
In riedslid kin útstelle om de tekst fan in riedsbeslút oan te passen. Dat moat fansels wol foardat de gemeenteried dat beslút naam hat. Sa'n wizigingsútstel hjit in amendemint. As in mearderheid fan de gemeenteried it amendemint stipet, wurdt it oarspronklike riedsbeslút feroare.
Moasje
As in riedslid wol dat de gemeenteried earne har miening oer útsprekt, kin hy of sy ûnder de riedsgearkomste in moasje yntsjinje. In moasje is in koarte skriftlike ferklearring mei in oardiel, winsk of fersyk. As in mearderheid fan de gemeenteried foar de moasje stimt, is dy oannaam.
Ynterpellaasje
In riedslid kin yn de riedsgearkomste it kolleezje fan boargemaster en wethâlders ta ferantwurding roppe oer ûnderwerpen dy't net op de aginda stean. It riedslid kin fersykje om in ynterpellaasje, mar de ried beslist as gehiel oft dy de ynterpellaasje tastiet.
Fragen
In riedslid kin skriftlike fragen yntsjinje oer alle ûnderwerpen dy't de ried oanbelangje. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders moat de skriftlike fragen binnen 30 dagen skriftlik beäntwurdzje of binnen dy tiid oanjaan wêrom't de beäntwurding langer duorret.
Ynljochtings
As in riedslid eftergrûnynformaasje oer in ûnderwerp ha wol, kin hy it kolleezje fan boargemaster en wethâlders freegje om ynljochtings oer dat ûnderwerp.
Undersyk
In riedslid kin in útstel dwaan om in ûndersyk yn te stellen. It ûndersyk giet allinne troch as in mearderheid fan de gemeenteried derfoar stimt. In ûndersykskommisje fiert it ûndersyk út. De gemeenteried beneamt de leden, fan wa't op syn minst trije riedslid binne. Kolleezjeleden kinne gjin kommisjelid wêze.
Referindum
In referindum is in folksrieplachting oer in beskaat ûnderwerp. Eins is in referindum in soarte fan minyferkiezing oer dat ûnderwerp. De gemeente kent twa soarten referenda:
- rieplachtsjend referindum, organisearre troch de gemeenteried
- riejaand referindum, organisearre troch ynwenners fan de gemeente
Budzjetrjocht
De gemeenteried stelt sels in programmabegrutting op. Dêr stiet yn wat de ried op ferskate mêden berikke wol en hoefolle jild oft se dêr beskikber foar stelt. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fiert dat programma út.
Mear witte? Mear ynformaasje fine jo yn de Gemeentewet.
Begrutting
It jild foar de begrutting fan de gemeente bestiet út eigen ynkomsten, lykas gemeentebelesting, ynkomsten út eigendommen en út jild dat de gemeente fan it Ryk krijt om beskate taken út te fieren. Yn de begrutting stean ferplichte en net-ferplichte útjeften. Ferplichte útjeften binne útjeften dy't de gemeente fan it Ryk dwaan moat, lykas útjeften foar it ûnderwiis, it ferlienen fan bystân en de útfiering fan de "Wet Maatskiplike Stipe" (WMO). Net-ferplichte útjeften binne útjeften dy't de gemeente sels wichtich fynt, bygelyks sport, kultuer en de eigen organisaasje. De begrutting 2018 kinne jo rieplachtsje.
De jierstikken foarmje it slútstik fan de ferantwurding. Dêr is yn oanjûn wat der yn it ôfrûne jier dien en berikt is en hoefolle jild oft dêroan útjûn is. Jo kinne in gearfetting fan de jierstikken 2016 rieplachtsje.