Lion Stadhuis

FNP fragen oer sosjale wentebou yn Ljouwert

Publicatiedatum: 
19 apr 2016

Al yn 2014 is troch de hearen Hofstra en Bruinsma in plan by de gemeente ynlevere foar it bouwen fan sosjale hierwenten op Burmaniakamp en Mr. P.J. Troelstrawei yn Ljouwert. Begjin 2015 wie de gemeenteried van betinken dat der in nij wenplân ôfwachte wurde moast dêr't it ramt foar takomstige wentebou skests wurde soe. Dat plan hie maitiid 2015 oan de ried foarlein wurde sillen. Oant no ta is der noch hieltyd gjin nij wenplan.

Bou sosjale hierwenten

Boppesteande is oanlieding foar de fraksje fan de FNP om pdf skriftlike fragen (PDF, 20.68 KB) oan it kolleezje te stellen. De fraksje wol bygelyks witte wanear't it wenplan komt en watfoar oplossing it kolleezje sjocht foar it ûnderbringen fan asylsikers mei in status. De fraksje freget ek hoe as it kolleezje omgean wol mei partikuliere partijen dy't graach bouwe wolle foar minsken mei legere ynkommens.