Lion Stadhuis

Fragen FNP oer takomst bestemming Noardwest

Publicatiedatum: 
9 jan 2019

De fraksje fan de FNP hat út de media fernommen dat it toeristysk platfoarm Bestimming Noardwest tsjinwurking ûnderfynt fanút de gemeente Ljouwert. Dy berjochten meitsje dat de fraksje him soargen makket en is oanlieding foar it stellen fan in oantal pdf skriftlike fragen (PDF, 10.05 KB) oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Maatregels

De fraksje freget ûnder mear oft it kolleezje op 'e hichte is dat de easken foar subsydzje te heech binne by de gemeente Ljouwert en dat ynsânsjes fersûpe yn in burokratyske moeras. De fraksje freget ek wat de gemeente der oan dwaan wol om de sitewaasje rjocht te lûken.