Kan uw bezoek aan het Gemeentehuis wachten? Stel uw bezoek dan uit!
Voor diensten van Burgerzaken kunt u alleen nog langskomen op afspraak.
Meer informatie, o.a. over aangepaste dienstverlening, vindt u op de pagina Coronavirus (COVID-19).

Lion Stadhuis

Fragen FNP oer tsjinstferlieningsloket Grou

Publicatiedatum: 
19 mei 2016

Sûnt de weryndieling fan 2014 hat Grou in tsjinstferlieningloket dat yn elts gefal 4 jier iepen wêze sil. it loket is bedoeld foar it ferstrekken fan ienfâldige produkten en tsjinsten. It loket is op tiisdei en woansdeitemiddei iepen en op tongersdei middeis en jûns. Ut in evaluaasje docht bliken dat der op it stuit de helte minder besikers komme as yn it begjin fan it loket.

Langer Iepen

De FNP jout oan dat der klachten kommen binne oer de beheinde iepeningstiden, lange wachttiden en in beperkt oanbod fan tsjinsten. De fraksje fynt dat it net in goed ûndersyk west hat.  Reden foar de fraksje om in oantal pdf skriftlike fragen (PDF, 8.94 KB) oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders te stellen. De fraksje wol ûnder mear witte as it kolleezje ek ûnersyk dien hat nei de soarten ynwenners; âld, jong, wol as net yn besit fan eigen ferfier. Als bliken docht dat it meast âlderein binne dy't gebrûk meitsje fan it loket, is it kolleezje dan ree om it langer iepen te hâlden? En is it kolleezje ek fan doel de iepeningstiden te oan te passen en/of út te wreidzjen mei in moarns iepening?

Antwurd

Yn syn pdf antwurd (PDF, 30.07 KB) seit it kolleezje dat út ûndersyk bliken dien hat dat der middeis oardel kear safolle besikers binne as yn de moarnsoeren. It kolleezje hat amper klachten ûntfongen oer de wizege iepeningstiden en sjocht dan ek gjin oanlieding om dy oan te passen. De klanten dy't nie it loket yn Grou komme, komme benammen foar reisdokuminten. It oanbod oan tsjinsten útwreidzje sil gjin posityf effekt hawwe op de produktiviteit. Ut de praktyk hat bliken dien dat der amper fraach wie nei oare produkten.